Burdaard – Ûnder werklik ideale waarsomstannichheden, mei amper wyn en in noflike temperatuer, waard de tredde spylronde ôfwurke op sportpark De Swellen yn Burdaard. Ropta-Boys 45+ kaam dizze jûn twa kear 25 minuten yn aksje. Dat kaam om’t Friese Boys 45+ fanwege te min spilers net oanwêzich wêze koe. Foarôfgeand earst in wurd fan tank oan ús troue supporters: de famylje Sietse, Antje en Laura Allema, Theunis Linthof en Jan Ernst Meinsma. Tige tank foar jimme oanmoedigingen en stipe.
Ropta-Boys 45+ – Be-Quick D 45+ 0-1
De earste wedstriid wie tsjin it noch altyd ûnfersleine Be-Quick D 45+. Nettsjinsteande dizze sterke tsjinstanner koe Ropta-Boys 45+ de ploech de hiele wedstriid poerbêst partij jaan. De earste grutte kâns wie sels foar Ropta-Boys. Wiebe Turkstra krige in moaie mooglikheid om de skoare te iepenjen, mar syn ynset ferdwûn spitich gernôch krekt oan de ferkearde kant fan de peal. Fansels hie Be-Quick D 45+ it measte balbesit en wie der sprake fan in fjildoerwicht, mar ûnder lieding fan ús youngster Gerard Peter Weidenaar stie Ropta-Boys ferdigenjend poerbêst organisearre. Fierder wie ús nestor Frans Sijtsma goed op dreef mei in baltsje fêst hâlden en it stroaien fan moaie passes. Gerard Peter Weidenaar sette syn ploechmaten goed del yn it fjild en soarge derfoar dat Be-Quick D 45+ amper ta echt grutte kânsen komme koe. As de tsjinstanner dochs in doelpoging ûndernimme koe, stie ynfaller keeper Jaap Wiep Torensma op syn plak. Ek de efterhoede, mei gelegenheid lêste man Theun Bouius en flankearre troch alleskunner Jack van der Vorst, alteast, sa omskriuwt er himsels, en Roel Sikkema en Wiebe Turkstra, hâlden hja de nul lange tiid knap fêst. Ropta-Boys besocht ûnderwilens mei in ôfstânskot fan Arnold Nutma de fier foar syn doel steande keeper fan Be-Quick te ferrassen. Spitich genôch hie it skot net genôch lingte om echt gefaarlik te wurden. Úteinlik kaam Be-Quick D 45+ op in wol hiel gelokkige wize op foarsprong. Nei in frije traap, dy’t neffens Ropta-Boys 45+ hielendal net oan Be-Quick takind wurde mocht, ûntstie der wat betizing by Ropta-Boys 45+. Gerard Peter Weidenaar waard ûndersteboppe rûn en hâlde dêr twa bloedende knibbels oan oer. Wylst Ropta-Boys noch protestearre, waard de frije traap fluch nommen en stie de ploech folslein op de ferkearde skonk. It gefolch wie in doelpunt foar Be-Quick: 0-1. Nettsjinsteande dizze ûngelokkige efterstân bleau Ropta-Boys yn de slotfaze op syk nei de lykmakker. Geert van Wieren wie noch tichtby, mar koe krekt net profitearje fan in loslitten bal fan de Be-Quick-doelman. Úteinlik moast Ropta-Boys mei in lytse nederlaach genoegen nimme. Dochs koe de ploech mei de holle omheech fan it fjild. It spul, de dissipline en foaral de ynset wiene poerbêst. Tsjin de noch ûnfersleine koprinner hie Ropta-Boys sjen litten dat it as ploech prima tsjin stân joen hat. Einstân: 0-1.
Ropta-Boys 45+ – F.C. Burdaard 45+ 1-2
De twadde wedstriid wie tsjin gasthear Fc Burdaard 45+. Ek dit waard in lykopgeande striid, dêr’t beide ploegen inoar net folle joegen. Burdaard 45+ hie miskien wat mear stootkrêft yn de foarhoede, mar Ropta-Boys 45+ sette op ‘e nij in prima wedstriid del. Allinnich by it ôfmeitsjen fan de kânsen siet it dizze jûn net altyd mei. Nei sa’n tsien minuten spyljen kaam Burdaard 45+ op foarsprong. By in útrinnende aksje fan keeper Jaap Wiep Torensma waard in Burdaard-spiler stevich ûnderút helle. De skiedsrjochter koe net oars as nei de stip wize. De terjochte takinde strafskop waard dêrnei rjocht troch it midden ynsketten foar de 0-1. Krekt as tsjin Be-Quick D 45+ liet Ropta-Boys 45+ him net út it fjild slaan en bleau de ploech fol oertsjûging de oanfal sykjen. Dat levere in prachtige mooglikheid op foar Theun Bouius. Syn skot spatte lykwols fia de ûnderkant fan de latte werom it fjild yn. Pech foar Ropta-Boys 45+. Ek út in pear foarsetten fan Gerard Peter Weidenaar, Jack van der Vorst, Frans Sijtsma en Wiebe Turkstra ûntstiene mooglikheden, mar spitich genôch foelen de ballen hieltyd krekt net goed foar ús oanfallers.Yn de slotminuten besleat ek keeper Jaap Wiep Torensma him nadruklik mei de oanfal te bemuoien. Alles waard út ‘e kast helle om dochs noch de lykmakker te forsearjen. Spitich genôch rûn dizze oanfalsdrift ferkeard ôf. Balferlies joech in spiler fan Burdaard 45+ de gelegenheid om de bal yn it lege doel te skowen foar de 0-2. Mar ek no joech Ropta-Boys him net del. De ploech bleau fjochtsjen en dat levere dochs noch in strafskop op. Gerard Peter Weidenaar waard ûnderút helle foardat er syn doelpoging ôfmeitsje koe. Arnold Nutma naam dizze moaie kâns foar syn rekken en liet de strafskop ûnberispelik efter de Burdaard-doelman ferdwine. Hjirmei kaam yn de slotminuten de einútslach op 1-2. Einstân: 1-2.
Konklúzje: Twa nederlagen, mar grif gjin minne jûn. Sa kearde Ropta-Boys 45+ mei twa lytse nederlagen werom fan sportpark De Swellen. Sawol tsjin Be-Quick D 45+ as tsjin F.C. Burdaard 45+ hie der mei in bytsje mear gelok by it ôfmeitsjen fan de kânsen miskien wol mear yn sitten. Dochs wiene der genôch positive punten. De organisaasje stie goed, de ynset wie der folop en as ploech waard der prima fuotballe. Allinnich it resultaat bleau dizze jûn wat efter by de levere ynspanningen. Mei tank oan de spilers Jaap Wiep Torensma, Theun Bouius, Roel Sikkema, Wiebe Turkstra, Jack van der Vorst, Frans Sijtsma, Gerard Peter Weidenaar, Geert van Wieren en Arnold Nutma wie it in slagge fuotbaljûn.
Lieder Jan Torensma.